Nieuws

  • Fjoerwurk by slotdebat Provinsjale Steateferkiezings

    DebatFjoerwurk tiisdeitejûn by it slotdebat foar de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten. De listlûkers fan de grutste partijen krigen de kâns om yn in live tillevyzje-útstjoering har wichtigste stânpunten nochris dúdlik te meitsjen. Woansdei mei der stimd wurde, en dus wie tiisdeitejûn it ideale momint om mooglike sweefjende kiezers noch oer de streek te lûken. Underwerpen dy't oan bar kamen wienen ûnder oaren it ljipaaisykjen, it iepenbier ferfier en - nei alle gedachten - it grutste ûnderwerp fan de ferkiezings, de wynmûnen.

  • Lytse partijen optimistysk oer elektorale kânsen

    De lytse partijen dy't yn Fryslân in goai dogge nei in sit yn provinsjale steaten, binne optimistysk. Fan 50Plus witte we noch fan de ferkiezings fan fjouwer jier lyn, doe't se der tichtby sieten. Boppedat binne der in soad tema's dy't direkt gefolgen hawwe foar senioaren, lykas de soarch en it iepenbier ferfier. De Partij voor de Dieren sjocht nei de goede útslach fan de Europeeske ferkiezings fan ferline jier. Foar de Libertarische Partij jildt dat eins alle stimmen op de partij in sinjaal binne dat der wat feroarje moat.

  • Alle kleine partijen denken iets toe te voegen

    Tien nieuwe partijen staan te popelen om het volk te vertegenwoordigen. Wat denken zij dat hun kracht is? Een aantal Friese kandidaten mogen het zeggen.

Tweets