Nieuws

  • Opkomst yn Fryslân heger as lanlik trochsneed

    De opkomst by de steateferkiezings leit yn Fryslân krekt wat heger as it lanlik trochsneed. Om healwei fjouweren hie lanlik sjoen 24 prosint fan de kiezers te stimmen west. By de measte Fryske gemeenten lei de opkomst tusken de 24 en de 37 prosint. De gemeente Smellingerlân siet op 37 prosint. Dy gemeente skoart dêrmei heger as de Waadeilannen, Dêr leit de opkomst altyd heger as op de wâl. De opkomst by de Wetterskipsferkiezings leit yn de measte gefallen krekt wat leger. By de lêste ferkiezings foar Wetterskip Fryslân yn 2008 wie de opkomst oer de hiele dei 28 persint, foar provinsjale steaten 58 persint.

  • Wethâlders besykje mei kuiertocht stimmers te lûken

    kuierjende-wethalders_0Twa wethâlders yn Weststellingwerf en de gemeentesekretaris besykje mei in kuiertocht by alle stimburo's yn de gemeente del minsken derta oan te setten te stimmen. De earste etappe gie woansdei fan it gemeentehûs yn Wolvegea nei it fersoargingshûs yn dat plak ta. Mei-inoar rinne de wethâlders 25 kilometer alle tsien stimburo's bydel. Dat fine se in makje, want se rinne alle wiken. De wethâlders binne yn training foar de Pieter Stuyesant-kuiertocht. Oar bykommend foardiel is dat der ûnder it rinnen ek noch tiid is foar oerlis.

  • Opkomst ferkiezings om tolve oere: 10 oant 15 prosint

    De measte Fryske gemeenten sitte woansdei om healwei tolven hinne op in opkomst foar de ferkiezings fan 10 oant 15 prosint. Positive útsjitters binne plattelânsgemeenten en de Waadeilannen. It Amelân siet op 15%, Skier sit al op 22%, Flylân 18% en Skylge boppe de 15%.

  • Fryslân nei de stimbus foar steaten en wetterskip

    Fryslân mei woansdei nei de stimbus. Om healwei achten gongen de doarren fan de lokaasjes iepen. Der mei dizze kear twa kear stimd wurde: foar provinsjale steaten en foar it wetterskip. Fjouwer jier lyn brocht goed 58 prosint fan de Friezen harren stim út foar de provinsjale ferkiezings. De stim hat ek gefolgen foar de lanlike polityk, want yn maaie kieze de leden fan provinsjale steaten ek de leden fan de Earste Keamer. By de lêste kiesdei foar it wetterskip brocht 28 prosint om in stim út.

  • Fjoerwurk by slotdebat Provinsjale Steateferkiezings

    DebatFjoerwurk tiisdeitejûn by it slotdebat foar de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten. De listlûkers fan de grutste partijen krigen de kâns om yn in live tillevyzje-útstjoering har wichtigste stânpunten nochris dúdlik te meitsjen. Woansdei mei der stimd wurde, en dus wie tiisdeitejûn it ideale momint om mooglike sweefjende kiezers noch oer de streek te lûken. Underwerpen dy't oan bar kamen wienen ûnder oaren it ljipaaisykjen, it iepenbier ferfier en - nei alle gedachten - it grutste ûnderwerp fan de ferkiezings, de wynmûnen.

  • Jûnpraters mei Sander de Rouwe fan it CDA

    "Ik bin allinnich beskikber as listlûker", sei CDA'er Sander de Rouwe doe't er hifke waard foar in plakje op de provinsjale CDA-list. De Rouwe fertelde dat freed yn it programma 'Jûnpraters' fan Omrop Fryslân. Fierder is syn foarsichtige analyze dat it Fryske kolleezje it de lêste 4 jier goed dien hat, mar dat in bytsje selskrityk ek wol op syn plak is, benammen de rezjy-funksje by de dossiers oer wynmûnen en Thialf wie net goed. Fierder liet hy muzyk hearre dy't foar him in djippere lading krige nei it ferdrinken fan syn soantsje.

Pagina 1 van 1912345...10...Minst recente »

Tweets