Nieuws

  • Measte Friezen wolle provinsjaal bestjoer hâlde

    In grutte mearderheid fan de Friezen fynt dat de provinsje as bestjoerslaach net opdoekt wurde mei. Dat docht bliken út in enkête fan EenVandaag yn oparbeidzjen mei Omrop Fryslân. Mear as 70 prosint fan de minsken fynt dat de provinsje bliuwe moat. Fryslân skoart hjirmei it heechste fan hiel Nederlân. Fierder litte Friezen en Grinslanners harren neffens it ûndersyk by de kommende steateferkiezings it measte liede troch provinsjale tema's.

  • CDA-kampanjedoeken yn Stiens fernield

    Yn Stiens binne trije fan de fiif kampanjedoeken fan it CDA foar de Steateferkiezings fan 18 maart fernield. Dat meldt kampanjelieder Rolf de Boer fan it CDA yn Ljouwerteradiel. Neffens him giet it om doeken fan sa'n 150 euro it stik. Se wiene sneon krekt pleatst, yn it ramt fan de CDA-kampanje. It giet neffens de Boer om gerjochte aksje tsjin syn partij, want om der by te kommen moasten de fandalen dwers troch in stik bou nei in greide rinne. It is neffens de Boer ûndúdlik wa't de doeken fernield hat. It CDA sil nije doeken ophingje.

  • Shakira-lobby nu op VN-niveau

    Bezoeken, beloften en warme belangstelling. Politici laten zich tot de verkiezingen extra zien. Deze rubriek bericht erover. Inmiddels wordt nationaal en internationaal op bijna het allerhoogste niveau - Buitenlandse Zaken, Verenigde Naties - overlegd over de openingsact van Kulturele Haadstêd 2018. Komt Shakira naar Leeuwarden, of komt ze niet? Eduardo Pizarro Leongómez, de ambassadeur van Colombia zal het er ,,soon’’ over hebben met minister Bert Koenders, en met de Colombiaanse ambassadeur bij de VN, Maria Emma Mejía. En ook met Robert van Embden, onze ambassadeur in Bogotá.

  • Dantumadiel telt ferkiezingsstimmen sintraal

    DEN HAAG - **illustratie**  Stemmen. ANP  XTRA LEX VAN LIESHOUTDantumadiel docht by de Steateferkiezings as iennichste Fryske gemeente mei oan in lanlik eksperimint mei sintraal tellen fan de stimmen. Dat betsjut dat yn de stimburo's earst allinnich de stimmen foar de partijen teld wurde. Pas in dei letter wurde dan op ien sintraal plak de stimmen per kandidaat teld. Sa kin de gemeente op de ferkiezingsjûn flugger in foarlopige útslach bekendmeitsje. Ek soe dizze wize fan tellen soargje moatte foar minder flaters, om't de oare deis mei frisse, nije minsken nei de stimmen sjoen wurdt. Mei elkoar meie yn hiel Nederlân 25 gemeenten meidwaan oan it eksperimint. Ek gemeente It Hearrenfean docht mei oan dit eksperimint.

  • Jûnpraters: Jelle Hiemstra fan Friese Koers

    Jelle Hiemstra, listlûker fan de partij Friese Koers, waard by de steateferkiezings fan 2011 keazen foar de PVV. Mar Friese Koers mei perfoarst gjin ôfsplitsing fan de PVV neamd wurde, sei hy tiisdei by Omrop Fryslân yn it programma 'Jûnpraters'. Fierder wol dizze ekonomylearaar út Snits sjongeres Shakira nei Fryslân helje om de Kulturele Haadstêd te iepenjen en moat it skoalswimmen weromkomme. Dat en noch folle mear fertelde Jelle Hiemstra yn it programma 'Jûnpraters' dat Omrop Fryslân oant de ferkiezings alle dagen útstjoert.

  • Alle partijen tuk op ruimtelijke kwaliteit

    Scherpe regels blijven nodig om de schoonheid van het platteland te bewaren, stelt de PvdA. Zet Friesland niet op slot, vindt de VVD. Veel scherper wilde het verkiezingsdebat over ruimtelijke kwaliteit niet worden, dat de stichting ARK gisteravond in haar conferentieschip had belegd. Sinds Friesland tot mooiste provincie van Nederland is uitgeroepen, zijn politici behoedzamer dan ooit om voor spelbreker te worden aangezien.

Tweets