< Nieuws

Opkomst yn Fryslân heger as lanlik trochsneed Gepubliceerd door Omrop Fryslân op 18 maart 2015,

De opkomst by de steateferkiezings leit yn Fryslân krekt wat heger as it lanlik trochsneed. Om healwei fjouweren hie lanlik sjoen 24 prosint fan de kiezers te stimmen west. By de measte Fryske gemeenten lei de opkomst tusken de 24 en de 37 prosint.

De gemeente Smellingerlân siet op 37 prosint. Dy gemeente skoart dêrmei heger as de Waadeilannen, Dêr leit de opkomst altyd heger as op de wâl. De opkomst by de Wetterskipsferkiezings leit yn de measte gefallen krekt wat leger.

By de lêste ferkiezings foar Wetterskip Fryslân yn 2008 wie de opkomst oer de hiele dei 28 persint, foar provinsjale steaten 58 persint.