< Nieuws

Jûnpraters mei Sander de Rouwe fan it CDA Gepubliceerd door Omrop Fryslân op 17 maart 2015,

“Ik bin allinnich beskikber as listlûker”, sei CDA’er Sander de Rouwe doe’t er hifke waard foar in plakje op de provinsjale CDA-list. De Rouwe fertelde dat freed yn it programma ‘Jûnpraters’ fan Omrop Fryslân.

Fierder is syn foarsichtige analyze dat it Fryske kolleezje it de lêste 4 jier goed dien hat, mar dat in bytsje selskrityk ek wol op syn plak is, benammen de rezjy-funksje by de dossiers oer wynmûnen en Thialf wie net goed. Fierder liet hy muzyk hearre dy’t foar him in djippere lading krige nei it ferdrinken fan syn soantsje.

Fierder fertelde hy dat de provinsjale opsinten nei ûnderen moatte, en liet hy trochskimerje dat as it CDA de grutste partij wurdt, de ChristenUnie wer in serieuze kandidaat foar it nije kolleezje is.

Jûnpraters is in programma yn it ramt fan de Provinsjale Steateferkiezings dat presintearre wurdt troch René Koster. Jûnpraters is alle wurkdagen fan 2 maart oant en mei 17 maart 2015 te hearren tusken 19.00 en 20.00 oere. Op omroplive.nl kinne jo ek yn de studio meisjen. Alle programma’s binne werom te sjen op www.omropfryslan.nl. Moandei binne de listlûkers fan de fjouwer nije partijen te gast yn ‘Jûnpraters’.