< Nieuws

Lytse partijen optimistysk oer elektorale kânsen Gepubliceerd door Omrop Fryslân op 17 maart 2015,

De lytse partijen dy’t yn Fryslân in goai dogge nei in sit yn provinsjale steaten, binne optimistysk. Fan 50Plus witte we noch fan de ferkiezings fan fjouwer jier lyn, doe’t se der tichtby sieten. Boppedat binne der in soad tema’s dy’t direkt gefolgen hawwe foar senioaren, lykas de soarch en it iepenbier ferfier. De Partij voor de Dieren sjocht nei de goede útslach fan de Europeeske ferkiezings fan ferline jier. Foar de Libertarische Partij jildt dat eins alle stimmen op de partij in sinjaal binne dat der wat feroarje moat.

De listlûkers fan de neamde partijen sieten moandeteijûn oan tafel by de lêste útstjoering fan it programma Jûnpraters fan Omrop Fryslân. Fansels formulearren ek sy harren Dreamen foar Fryslân. Oan de Fryske ferkiezings docht ek Feriene Lofts noch mei, mar de listlûker dêrfan, Ad Van der Kolk, wie moandei ferhindere.