< Nieuws

Jûnpraters mei Fenna Feenstra fan de SP Gepubliceerd door Omrop Fryslân op 10 maart 2015,

As skoalfamke gie har sprekbeurt al oer minskerjochten, wylst har klasgenoaten ‘it knyn’ as ûnderwerp keazen. SP-listlûker Fenna Feenstra wie der al jong by yn har stryd tsjin ûnrjocht en foar solidariteit. Se is al jierren aktyf yn de SP en makke ek diel út fan in talintegroep yn de partij. By de lêste Europeeske ferkiezings helle se safolle foarkarstimmen, sa’n 14 tûzen, dat se hast ôfreizigje moast nei Brussel. Allegear saken dy’t te praat kamen yn it programma Jûnpraters. De Snitser dosint ‘Sensor-technology’ hat gjin auto, stekt it jild foar Kulturele Haadstêd leaver yn keunstopliedings en giet foar in ferdûbeling fan it tal sitten yn de Fryske Steaten: fan 3 nei 6. Mar se hat noch mear dreamen. Jûnpraters is in programma yn it ramt fan de provinsjale steateferkiezings dat presintearre wurdt troch René Koster.

Jûnpraters is alle wurkdagen fan 2 maart oant en mei 17 maart 2015 te hearren tusken 19.00 en 20.00 oere. Op omroplive.nl kinne jo ek yn de studio meisjen. Alle programma’s binne werom te sjen op www.omropfryslan.nl.